Ynbrekkers yn Aldeboarn trapearre en oppakt troch plysje

17 sep 2015 - 09:24
  • Ynbrekker by túndoar

De plysje hat in ynwenner fan Veldhoven en twa minsken út Eindhoven oanhâlden, om't se fertocht wurde fan ynbraak. In tsjûge seach de trije ynbrekken yn in hûs oan de Braksdyk yn Aldeboarn en warskôge de plysje.

De tsjûge koe in sinjalemint jaan en joech ek in omskriuwing fan de auto wêryn't se fuortriden wiene. Dêrtroch koe de plysje se noch yn Aldeboarn oanhâlde. De fertochten binne nei it plysjeburo brocht en sitte dêr noch. De plysje docht fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)