Ynbrekkers Westereen oppakt

28 jul 2008 - 10:27

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei yn De Westereen twa manlju út Harns oanhâlden omdat se besocht hiene yn te brekken. In ynwenner fan De Westereen hie de plysje belle, omdat er lûden heard hie achter it hûs fan de buorlju. Hy hie ek twa manlju fuortrinnen sjoen.

De plysje hat in syktocht troch de wyk makke en koe de manlju yn in auto oanhâlde. In plysjehûn fûn twa koefoeten. Dy binne nei alle gedachten fan de twa fertochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)