Ynbrekkers warber op it dak

06 okt 2012 - 14:00
  • Ynbraak

Op de Ljouwerter Nijstêd binne freedtenacht twa ynbrekkers oanhâlden. In bewenner fan de Hoedenmakerssteeg hie minsken op it dak sjoen en warskôge de plysje. Doe't dy oankaam draafden twa manlju fuort, dy hat de plysje oanhâlden. Ien fan harren hie ynbrekkersark by him.

Omdat der mooglik mear minsken op it dak wiene, hat de plysje fierder socht op de dakken fan de winkels oan de Nijstêd. Ien winkel wie trochsocht troch ynbrekkers, mar der waarden net mear ynbrekkers fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)