Ynbrekkers út Amsterdam oppakt

22 mrt 2011 - 10:38

Ynbrekkers út Amsterdam hawwe yn de nacht fan moandei op tiisdei besocht de pinautomaat op de Stasjonswei op De Gordyk op te blazen. It alaarm fan 'e bank gie ôf en in tsjûge warskôge de plysje dat trije fertochte types yn in auto útnaaiden. By de bank hong in frjemde gaslucht.

Op de Sweachsterwei yn Lippenhuzen koe de plysje de manlju oanhâlde. It giet om twa Amsterdammers fan 44 en 47 jier, de tredde ynsittende woe him net identifisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)