Ynbrekkers Snits ûntkomme

14 okt 2009 - 10:38

Ynbrekkers binne tiisdeitenacht yn Snits mei de auto út de bocht flein. Se besochten oan de plysje te ûntkommen. De fjouwer manlju waarden sjoen doe't se besochten yn te brekken yn in sportkompleks oan de Molenkrite.

Nei't de auto út de bocht flein wie, naaiden de mannen te foet út. De plysje hat noch nei har socht mei hûnen, mar hat se net fûn. De plysje siket tsjûgen. Foar safier bekend mist der neat út it sportkompleks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)