Ynbrekkers skoalle oanhâlden

27 jan 2009 - 10:26

De plysje hat moandeitenacht twa mannen oanhâlden dy´t fertocht wurde fan ynbraak yn in skoalle oan de Cornelis_Trooststrjittre yn Ljouwert. Befeiligers hearden glêsrinkeljen en bellen fuortendalik 112. Dêrnei seagen se de twa manlju fuortdraven.

Op oanwizen fan de befeiligers binne de twa oanhâlden. It giet om in 24-jierrige Ljouwerter en in man fan 23 út Zeist. De fertochten binne nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)