Ynbrekkers rûnom yn de provinsje aktyf it ôfrûne wykein

19 okt 2015 - 10:53
  • Ynbrekker mei koefoet

Der is yn it ôfrûne wykein yn wenningen rûnom yn de provinsje ynbrutsen. Neffens de plysje yn Snits is der stellen yn Balk, Harich en op De Lemmer. By de ynbraak op De Lemmer is in jildkistje meinaam. Mei in stellen bankpas is letter jild opnaam. Dêrfoar wie der al ynbrutsen op meardere adressen yn Sleat en Sint Nyk.

Op It Hearrenfean is dit wykein ynbrutsen yn meardere huzen oan de Tjepkemastrjitte. Derby is ûnder oare in klûs stellen. De klûs is letter yn de omjouwing weromfûn.

It is net bekend wat der yn siet en of de ynbrekkers de klûs iepen krigen. Dat der sa'n soad ynbraken binne hat neffens de plysje ûnder oare te krijen mei de donkere dagen. Se roppe minsken dan ek op om goeie slotten te ynstallearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)