Ynbrekkers pakt by opslach bút

14 nov 2012 - 11:17
  • Ynbraak

Twa Ljouwerter ynbrekkers binne tiisdeitenacht trappearre. In tsjûge belle de plysje, nei't er stellen guod fûn yn it fytsehok fan in skoalle oan de Dokkumertrekwei yn Ljouwert. Plysjes hâlden de stalling dêrnei yn de gaten. Doe't de Ljouwerters op har scooter oankamen om de bút op te heljen, binne se oanhâlden. Ut ûndersyk die bliken dat it guod stellen wie út in hûs oan de Valeriusstrjitte. It duo (26 en 27 jier) hie earder op de jûn in kret bier út in oar hûs oan deselde strjitte stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)