Ynbrekkers oppakt yn sikehûs

08 aug 2010 - 14:23

De plysje hat sneontenacht ynbrekkers út Sint Anne oanholden yn it sikehûs yn Ljouwert. De manlju fan 19 en 20 jier wiene earder op 'e jûn ferwûne rekke by in ynbraak yn har doarp. Neidat se in laptop, in flatscreen en autokaaien út in wenhûs stellen hiene, rieden se mei de auto in sleat yn.

De bewenner fan it hûs waard dêr wekker fan en seach de mannen. Hy warskôge de plysje. Fanwege bloedspoaren yn de auto, naam dy kontakt op mei it MCL yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)