Ynbrekkers op 'e die betrape, 21-jierrige fertochte oppakt

02 des 2015 - 08:18
  • Ynbraak

In bewenner fan de Spanjaardsleane yn Ljouwert trof yn de nacht fan tiisdei op woansdei twa ynbrekkers oan yn syn hûs. De man waard om twa oere nachts wekker fan lûd by syn hûs en seach syn foardoar iepenstean. Doe't de bewenner it ljocht oan die, naaiden twa manlju út yn de rjochting fan de Rengersleane.

De plysje wie der gau by en koe in 21-jierrige fertochte oanhâlde. Fan de twadde ynbrekker ûntbrekt elts spoar. De plysje freget tsjûgen om harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)