Ynbrekkers op 'e die betrape

09 nov 2008 - 16:13

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein nei in 112-melding in noch ûnbekende man op de die oanholden by in ynbraak yn Burgum. Nei de melding dat der bin in hoarekagelegenheid oan de Passaazje fjouwer persoanen oan it ynbrekken wiene, wie de plysje gau op it plak. De fjouwer persoanen gongen der op dat stuit krekt fantroch.

Nei in achterfolging koe ien fan de dieders oanholden wurde. Hy is meinaam nei it buro. It is noch ûnbekend oft der by de ynbraak wat meinaam is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)