Ynbrekkers op 'e die betrape

13 mrt 2014 - 10:22
  • Ynbraak

Twa ynbrekkers binne woansdeitejûn trappearre by in wenningynbraak oan de Himpenserwei yn Ljouwert. Doe't de bewenster thúskaam, draafden twa manlju har hûs út. Se naaiden út yn in auto.

De plysje sette in boargernetaksje op, mar dy smiet neat op. It is noch ûndúdlik wat der meinaam is út de wenning. De plysje is op syk nei minsken dy't wat sjoen of heard hawwe fan de ynbraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)