Ynbrekkers oanhâlden yn Ljouwert

25 apr 2004 - 00:00

Oan de Dokkumer Trekwei yn Ljouwert binne sneintemoarn betiid twa fertochten fan in ynbraak oanhâlden. De plysje krige berjocht dat yn in studinteflat oan de Trekwei ynbrutsen waard. Doe't de plysje dêr kaam sieten de manlju al yn in auto, dy't, sa't letter bliken die, ek stellen wie.

It giet om in Ljouwerter (20) en in Apeldoarner (19). Se hiene ark om yn te brekken by harren. De plysje tinkt dat se ek fiif auto's iepenbrutsen ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)