Ynbrekkers oanhâlden foar stellerij smokersguod Súdwesthoeke

28 apr 2015 - 11:25

De plysje hat moandeitenacht yn Bakhuzen twa ynbrekkers út Almere oppakt. Se hiene in ramkreak set yn in supermerk oan de Sint Odulphusstrjitte. Dêrnei naaiden se út mei in grutte partij smokersguod.

De plysje wist it duo fan 18 en 19 jier yn it doarp sels oan te hâlden. Yn harren bestelwein fûn de plysje de bút werom. De jonges sitte fêst foar fierder ûndersyk. De plysje ûndersiket oft se ek ferantwurdlik binne foar ferlykbere ramkreaken yn winkels yn Balk en Wâldsein, ôfrûne wykein, dêr't ek sloffen sigaretten stellen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)