Ynbrekkers nimme laptops en medisinen mei út bisteklinyk

15 feb 2016 - 12:02
  • Ynbraak

Yn de bisteklinyk oan de Kingmastate yn Ljouwert is it ôfrûne wykein ynbrutsen. De ynbrekkers kamen binnen fia de efterkant. Se hawwe in klûs, meardere laptops en medisinen meinaam.

It wurk yn de klinyk kin der neffens in wurdfierder wol om trochgean. Der binne gjin gegevens fan klanten fuort. De plysje freget tsjûgen om har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)