Ynbrekkers komme net fier

19 sep 2007 - 10:31

Twa winkeldieven binne tiisdei yn Wolvegea net fier kommen mei har bút. De twa Appelskeasters fan 22 en 28 jier namen út in winkel opsetstikjes foar toskeboarstels mei en naaiden út.

In foarbygonger gie efter har oan en belle de plysje. Hy moast de efterfolging stake nei't de winkeldieven him bedrigen. De plysje koe de manlju lykwols even letter oanhâlde. De auto fan de fertochten is ek fûn, mei dêryn in part fan de bút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)