Ynbrekkers ferniele doarpshús

06 maaie 2014 - 12:18

Yn doarpshûs 'De Tysker' yn Easterwierrum is yn it wykein ynbrutsen. Der is neffens it bestjoer fan doarpsbelang net in soad stellen, mar troch de fernielings dy't de ynbrekkers oanrjochte hawwe, is de ravaazje yn it gebou grut. Hanneke Monsma fan Doarpsbelang seit dat de skrik der ûnder de bewenners goed yn sit. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)