Ynbrekkers efterfolge op A7

01 maaie 2014 - 08:31
  • Plysjeauto

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei ynbrekkers efterfolge op de A32 en de A7. De fertochten wienen nei in ynbraak oan de G.F. Vosstrjitte yn Aldeholtpea útnaaid yn in swarte Volkswagen Golf.

Op de A32 by Oranjewâld wachte de plysje de ynbrekkers op. By de ôfslach Drachten is de plysje de dieven lykwols wer út it each ferlern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)