Ynbrekkers De Knipe oanhâlden

30 nov 2012 - 10:46

De plysje hat tongersdei twa ynwenners fan 21 en 22 jier fan It Hearrenfean oanhâlden foar ynbrekkerij yn De Knipe. In tsjûge seach yn de jûntiid twa manlju by in wenning oan de Tramwei. Neffens de tsjûge seagen de manlju der fertocht út. Net lang dêrnei folge in melding fan in wenningynbraak oan de Spinner.

De 73-jierrige bewenster ûntduts dat meardere sieraden út har hûs stellen wiene. Troch in dúdlike omskriuwing fan de auto fan de ynbrekkers koene aginten de manlju op de K.R. Poststrjitte oanhâlde. De auto is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)