Ynbrekkers betrape yn Snits

06 jul 2013 - 12:30

De plysje yn Snits hat yn de nacht fan freed op sneon twa ynbrekkers op 'e died betrape by in ynbraak yn in winkel oan de Gedempte Pol. Nei in melding fan ynbraak seagen twa plysjeminsken op de fyts noch in auto fuortriden. Oare plysjeminsken koene de auto oanhâlde op de Jousterkade.

In 43-jierrige man út Amsterdam en in 43-jierrige man dêr't it wenplak net bekend fan is, binne oanholden. By de ynbraak binne weardebonnen en lytsjild stellen. Dit guod waard yn de buert weromfûn oan de hân fan kamerabylden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)