Ynbrekkers betrape yn Ljouwert

02 jul 2009 - 10:02

De plysje hat woansdeitemiddei yn Ljouwert twa ynbrekkers op 'e die betrape. Tsjûgen seagen twa manlju nei in hûs yn de Sierksmastrjitte rinnen. Doe't se gerinkel fan glês hearden, bellen se de plysje. Dy koe it duo al gau oanhâlde. It giet om in Ljouwerter (30) en in man (29) sûnder fêst wen- of ferbliuwplak.

By de oanhâlding die bliken dat de twa guod by har hiene dat út de wenning yn de Sierksmastrjitte kaam. De ynbrekkers sitte fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)