Ynbrekkers betrape yn Harns

05 maaie 2006 - 10:51

De plysje hat fannewike twa manlju út Harns betrape doe't se oan it ynbrekken wiene. In tsjûge hie sjoen dat der by in hûs oan de Zeemunnik wat fertochts seach. Hy wist dat de bewenners mei fakânsje wiene.

Doe't de plysje kaam, seagen se in man hurd fuortrinnen. Nei in koarte efterfolging waard er fûn yn in fiver yn in tún. Yn dyselde tún hie de oare dieder him ek ferstoppe. De fertochten binne meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)