Ynbrekkers betrape op bouplak yn Ljouwert

15 nov 2014 - 09:13

De plysje fertinkt trije manlju fan it stellen fan guod fan in bouplak oan de Julianaleane yn Ljouwert. De trije waarden yn de nacht fan freed op sneon sjoen troch in foarbygonger. De warskôge plysje socht dêrnei it bouplak ôf en koe in Ljouwerter, in ynwenner fan Bûtenpost en ien fan Beilen oanhâlde. Se binne foar fierder ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.

It ark dat de manlju by harren hiene, is yn beslach naam. Nei alle gedachten wienen de trije út op metaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)