Ynbrekkers arrestearre

09 mrt 2007 - 10:54

De plysje is tongersdei twa ynbrekkers oer it mad kommen. Yn Burgum waard in man (29) oanhâlden dy't besocht yn te brekken by in buorkerij. Nei in syktocht mei in plysjehûn waard er fûn op ien fan 'e souders.

Yn Harns is in ynwenner (23) fan Sint Jabik oppakt. Hy besocht yn te brekken by in bedriuw. Doe't de plysje de man fûn, siet er ûnder it bloed. Hy himsels nei alle gedachten ferwûne doe't er in rút ynsloech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)