Ynbrekkers aktyf yn Ljouwert

17 apr 2013 - 11:37

De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei twa manlju fan 20 en 23 út Ljouwert en in 21-jierrige Snitser oanhâlden op fertinking fan in wenningynbraak oan de Curacaostrjitte yn Ljouwert. In tsjûge hie de manlju sawol op it platdak as by it hûs sjoen en bellen de plysje. De manlju naaiden út yn in auto dy't letter op de Julianaleane oantroffen waard.

De manlju foldiende oan it sinjalemint en binne oanhâlden. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)