Ynbrekkers aktyf yn Aldegea-Smellingerlân

02 mrt 2016 - 11:14

Yn Aldegea (Smellingerlân) binne ynbrekkers aktyf. Nei't earst yn it ôfrûne wykein jild stellen waard út in hûs oan de Jachtweide, wiene tiisdei bewenners fan in hûs oan de Manjepetswei it slachtoffer. Dêr bestie de bút ek út jild.

De ynbraak wie oerdeis. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe, om harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)