Ynbrekkers aktyf yn ´e Wâlden

11 sep 2008 - 10:10

Trije manlju út Ljouwert binne woansdeitejûn oanhâlden troch de plysje om´t se fertocht wurde fan ferskate ynbraken yn ´e Wâlden. It giet om manlju fan 28, 37 en 56 jier. Om 12 oere nachts soene se ynbrutsen hawwe yn in winkel yn Kollum. Earder dy jûn waard ek by in benzinepomp yn Broeksterwâlde en in elektroanikasaak yn Damwâld ynbrutsen. De plysje tinkt dat de trije fertochten dêr ek ferantwurdlik foar binne. Se sitte fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)