Ynbrekkerij De Jouwer/Sint Nyk

04 jan 2014 - 11:32
  • Ynbraak

Op De Jouwer en yn Sint Nyk hawwe freed trije ynbraken west en ien poging ta ynbraak. Yn in hûs oan De Helling op De Jouwer waard de ynbrekker trappearre troch de bewenners. Hy naaide út sûnder wat mei te nimmen.

Oan de Neptunusloane yn Sint Nyk en It Swurd en de Elias Annes Borgerstrjitte op De Jouwer wie it wol raak. Alle kearen waard in rút of doar oan de achterkant fan de wenning iepenbrutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)