Ynbrekker yn sliepkeamer

19 apr 2013 - 14:37
  • Ynbraak

In 86-jierrige man út Frjentsjer seach tongersdeitejûn ynienen in ûnbekende man by him yn de sliepkeamer stean. De man lei op bêd doe't er wat hearde. Doe't de ynbrekker de bewenner seach, naaide er gau út.

Nei ûndersyk die bliken dat de ynbrekker al ferskate kasten yn de wenkeamer trochsocht hie. Nei alle gedachten is hy deryn kaam troch in rút oan de achterkant fan de wenning iepen te brekken. It is net dúdlik of de man wat meinaam hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)