Ynbrekker wol troch kattelûk hûs ynkomme

18 maaie 2015 - 11:28
  • (stockfoto)

De plysje hat moandeitemoarn yn Ljouwert in 23-jierrige ynwenner fan Grins oanhâlden om't er besocht yn te brekken by in wenning. De bewenner fan it hûs oan De Bird waard wekker fan leven yn syn tún en seach in man fuortdraven. It die bliken dat it kattelûk yn de achterdoar fernield wie.

De bewenner warskôge de plysje. Dy seach de fertochte rinnen yn de buert. De man sit fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)