Ynbrekker út Litouwen oppakt

14 jun 2011 - 10:25

De plysje hat moandeitenacht yn Burgum in 21-jierrige ynbrekker út Litouwen oanhâlden. Bewenners fan de Tuskendiken seagen in groepke manlju by ien fan de huzen en fertrouden it net. Doe't ien fan de bewenners nei hûs gie, naaide ien fan de manlju út.

Mei help fan in plysjehûn waard de man werom fûn yn de boskjes op de Boskpôle. De man is meinommen nei it plysjeburo. Syn auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)