Ynbrekker út De Westereen oanholden yn Eastermar

08 jan 2015 - 10:09

In 25-jierrige man út De Westereen is woansdeitenacht betrape by in ynbraak yn in wettersportbedriuw oan de Snakkerbuorren yn Eastermar. In tsjûge seach de ynbrekker by it bedriuw en belle de plysje. Dy koe de man oanhâlde.

Ut ûndersyk fan de plysje docht bliken dat de man fiskark út in skuorre stellen hie. De dief sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)