Ynbrekker ûntsnapt en oppakt

15 sep 2010 - 10:00

In ynbrekker (30) is ôfrûne wykein ûntsnapt út it plysjeburo op Flylân. De Amsterdammer hie ynbrutsen yn in wente oan de Doarpsstrjitte. Hy waard troch de plysje dronken oantroffen op de boppeferdjipping en is oerbrocht nei it plysjeburo.

Krekt foar it ferfier fan de Amsterdammer nei de fêste wâl wist de man te ûntkommen, om't in achterdoar fan it buro net ticht wie. Nei ik koarte sykaksje waard de fertochte wer fûn en is er oerbrocht nei Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)