Ynbrekker troch bewenster betrape yn De Tynje

17 okt 2015 - 08:30

De bewenster fan in appartemint oan de Romke fan Damwei yn De Tynje hat yn de nacht fan freed op sneon in ynbrekker op 'e died betrape. De frou seach de man troch har hûs rinnen en warskôge de plysje. De man naaide út. De plysje hat noch nei him socht, mar koe de man net fine. It is noch net bekend oft de ynbrekker ek wat stellen hat of dat de frou him krekt op 'e tiid trappearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)