Ynbrekker by tafal op de foto

18 aug 2011 - 19:49
  • Foto's: Dadergezocht

Ballonfarders hawwe begjin augustus by Sleat tafallich in ynbrekker op de foto set. De ynbrekker woe op moandeitejûn 1 augustus de klús fan in wettersport- en rekreaasjebedriuw stelle. De 52-jierrige eigner trapearre de man. De ynbrekker naaide út yn in reade Golf dêr't mear minsken yn sieten.

Ballonfarders dy't op it terrein fan it bedriuw krekt de loft yn giene, makken foto's fan de start. Op dy foto's stiet ek de reade golf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)