Ynbrekker stiet yn sliepkeamer

17 aug 2014 - 11:30
  • Ynbraak

In ynwenner fan in hûs oan de Greate Buorren yn Britsum is sneintemoarn betiid nuver wekker wurden, doe't der ynienen in ynbrekker yn syn sliepkeamer stie. De Britsumer begong te razen en de ynbrekker naaide út. Hy fytste yn de rjochting fan de Lieuwe Jellingastrjitte. It giet om in man fan ûngefear 1 meter 70, hy hie donkere klean oan en in mûtse op mei in lampke der op.

De ynbrekker hat nei alle gedachten in rútsje iepenbrutsen en is doe nei binnen klommen. De plysje hat noch yn de buert socht, mar net ien mear fûn.

Wa't wat sjoen hat, kin kontakt opnimme mei de plysje op 0900-8844.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)