Ynbrekker springt fan balkon

17 feb 2011 - 12:14

In 19-jierrige ynwenner fan Easterwâlde hat woansdeitejûn yn syn eigen hûs twa ynbrekkers oanhâlden. It giet om twa manlju fan tweintich jier. De bewenner kaam harren oer it mad doe't er thúskaam.

De bewenner koe de ynbrekkers oanhâlde en oerdrage oan 'e plysje. Ien fan de twa moast behannele wurde omdat er ferwûne rekke oan 'e pols doe't er fan in balkon sprong. Dat die er doe't er besocht út te naaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)