Ynbrekker set keuken blank

13 feb 2012 - 09:59

    Yn in wenning oan de Van Sminiawei yn Aldeboarn is sneintejûn ynbrutsen. De 93-jierrige bewenner gie nei de keuken omdat er dêr allegear leven hearde. It die bliken dat de kraan hielendal iepen stie en it wetter oer it oanrjocht rûn.

    Doe't de man alles oprêden hie, rûn er nei de wenkeamer. Dêr stie er each yn each mei in ynbrekker. Dy naaide út doe't er de bewenner seach. De plysje hat noch socht nei de ynbrekker, mar koe him net mear fine.

    Trefwurden: 
    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)