Ynbrekker pakt yn Ljouwert

26 sep 2013 - 12:15
  • Plysjejas

In 18-jierrige Ljouwerter is woansdeitemiddei oppakt foar in ynbraak yn in wenning yn de Invasiestrjitte yn syn wenplak. De man hie tegearre mei wat maten in rút ynskopt om der yn te kommen. Buorlju seagen de manlju en bellen de plysje. Dy hat de auto fan de ynbrekkers achterhelle.

Plysjes fûnen de Ljouwerter yn in wenning flakby de auto. De oare fertochten binne noch net oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)