Ynbrekker pakt troch spoaren

15 feb 2013 - 09:44
  • Ynbraak

Yn Drachten is tongersdeitejûn in ynbrekker oppakt, trochdat de plysje syn fuotspoaren fûn yn de snie. De ynbraak wie yn in hûs oan de Folgeren. De eigener fan it hûs belle de plysje gelyk neidat er de ynbraak ûntdutsen hie. De plysje wie der gau by en fûn doe de fuotspoaren. Dy giene yn de rjochting fan It Einekroas. Dêr ried krekt hurd in auto fuort.

De plysje koe de auto oan de kant krije en hat doe de fertochte oanhâlden. De man is meinaam nei it buro. It is noch net dúdlik wat der krekt stellen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)