Ynbrekker pakt troch bewenner

12 jun 2014 - 11:15
  • Ynbraak

De plysje hat in 40-jierrige man út Poalen oanholden op fertinking fan ferskate ynbraken, dêr't er sieraden by meinaam. De man waard tongersdeitejûn betrape troch de bewenner fan in wenning oan de Gaaikemastrjitte yn Balk. Tegearre mei in buorman koe er de dief oanhâlde. Yn de bûsen fan de man trof de plysje sieraden oan, dy't er stellen hie by in ynbraak dyselde dei op De Lemmer.

Yn Starum waard ek ynbrutsen, mar hjir waard neat meinaam. De plysje slút net út dat it om deselde dief giet. De man sit noch fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)