Ynbrekker pakt nei tip tsjûge

19 sep 2012 - 14:16

Troch in oplettende tsjûge koe de plysje fan Ljouwert tiisdeitemiddei in ynbrekker oanhâlde. De tsjûge seach de ynbrekker op it plat dak fan in hûs oan de Voorstreek sitten. De ynbrekker bruts in rút iepen en gie nei binnen.

De plysje hat de 44-jierrige man út Berltsum oanhâlden. Hy hie twa stellen laptops by him. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)