Ynbrekker oppakt yn Reitsum

17 jan 2012 - 09:49

De plysje hat moandeitenacht yn Reitsum in ynbrekker (31) út Marrum oanhâlden. De man hie ynbrutsen yn it doarpshûs, mar in tsjûge alarmearre de plysje.

Mei help fan in plysjehûn waard de man oanhâlden yn in tún oan de Grienereed, dêr't hy him ferstoppe hie. De ynbrekker wie mei in stellen skûter nei Reitsum riden. Dy hie der by in wenning oan de Strobosserdyk yn Dokkum stellen, tagelyk mei in beurs dy't er út in parkearde auto helle hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)