Ynbrekker oppakt troch DNA

31 okt 2009 - 13:12

De plysje hat in Ljouwerter (21) oanholden omdat syn DNA fûn is op ferskate plakken dêr't ynbrutsen is. Fan de man waard yn july DNA ôfnaam nei in oanhâlding foar in ynbraak by in hoarekagelegenheid yn Ljouwert.

It DNA fan de Ljouwerter kaam oerien mei erflik materiaal dat fûn wie by in searje ynbraken en it besykjen dêrta. Sa is syn DNA fûn nei ynbraken by bedriuwen yn Harns en Frjentsjer en by in sportkantine yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)