Ynbrekker op Lemster kamping

16 apr 2010 - 11:12

De plysje hat tongersdeitenacht op in kamping op 'e Lemmer oerenlang socht nei in ynbrekker. In surveillearjende plysje seach op 'e kamping in man achter in auto. Doe't de man de plysje seach naaide er út. De plysje sette de achterfolging yn en helle der ek in plysjehûn by om de man op te spoaren, mar de man wie net mear te finen.

Syn fyts waard wol fûn mei in bolderkar mei ûnder oare túnguod, klean, drinken en in bûtenboardmotor. It guod is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)