Ynbrekker op 'e died betrape

23 apr 2014 - 10:46

In 34-jierrige ynbrekker út Ljouwert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn syn wenplak op 'e died trapearre. In befeiliger seach dat twa mannen ynbrekke woene yn in gebou oan de J.H. Knoopstrjitte. De manlju naaiden út doe't se de befeiliger seagen.

De befeiliger krige ien fan de mannen te pakken. De man hie in tas mei ynbrekkersark by him. De ynbrekker sit fêst, it ynbrekkersark is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)