Ynbrekker op 'e die trappearre

29 apr 2009 - 10:41

De plysje hat tiisdeitenacht yn Ljouwert in ynbrekker trappearre. De man (32) út Ljouwert wie fia it balkon in hûs oan oan de Chopinstrjitte binnenkaam. In oar seach dat en waskôge de plysje. Dy is mei in hûn it hûs yngien.

As de ynbrekker net te foarskyn komme woe, soe de hûn loslitten wurde. De ynbrekker waard dêr benaud fan en kaam sels út it hûs. Sa koe de plysje him oanhâlde. De fertochte is oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)