Ynbrekker oanholden

10 okt 2009 - 12:35

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon in 20-jierrige man út de Fryske haadstêd oanholden op fertinking fan ynbraak. De bewenster fan in wente oan de Nijverheid hearde glêsgerinkel yn har wenning en belle mei de plysje.

Dy seagen de Ljouwerter by de wente fan de frou stean en setten de achterfolging yn. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)