Ynbrekker oanholden

19 jul 2009 - 14:47

De plysje hat sneontenacht in ynwenner (24) fan Drachten oanholden foar it ynbrekken yn in winkel oan De Hemmen. De plysje krige in melding dat der ynbrutsen waard yn de winkel. Doe't dy yn de buert kaam seach in tsjûge twa manlju fuortrinnen. Yn earsten koe de plysje neat fine, mar in plysjehûn fûn letter in fertochte yn de boskjes. Yn de auto fan dy man waard stellen guod fûn, ûnder oare twa kachels, in betonskjirre en parten fan in skommel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)