Ynbrekker oanhâlden yn Dokkum

28 sep 2006 - 10:56

Heit en soan Hacquebord fan de lyknammnige elektroanikasaak yn Dokkum ha tongersdeitemoarn betiid in ynbrekker oanhâlde kinnen. Hy hie tegearre mei syn hûn, in rotweiler, ynbrutsen yn de winkel en soe wer útnaaie mei de hannen fol guod.

Hacquebord hat lykwols in goed alarmsysteem dat ôfgiet by it bêd. De plysje is doe gau belle. De ynbrekker wie lykwols rapper as de plysje, dêrom moast Hacquebord sels yngripe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)